Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 1 (Fryske ferzje)


En doe’t de wyn oprekke,
sei Jezus’ mem tsjin Him:
Se hawwe gjin wyn mear.’
(Johannes 2:3, NFO)

De wyn is op
De earste wiken fan in nij jier binne trochgeans net de meast fleurige. It is donker, de dagen binne noch koart en de goeije foarnimmens binne al gau ferdwûn lyk as snie foar de sinne. De lêzing út Johannes 2, dy’t gauris op de tredde snein fan jannewarris oan bar is, is my dan ek tige wolkom. Dat der gjin wyn mear is, is in byld dat hast gjin útlis noadich hat. De mem, dy’t foar dy bidt, is in treastlike gedachte. En it ‘doch alles mar wat Er tsjin jimme seit’ is in wurd dat opropt om it noch efkes fol te hâlden: de bêste wyn moat ommers noch komme.

Stúdzjereis
Sa kinne jo yn it kommende foarjier (11-22 maaie) in stúdzjereis meitsje mei ‘Kerk in Actie’. Fan elke gemeente dy’t meidocht oan it projekt ‘Fryslân foar Ghana’ meie der op syn heechst twa persoanen mei. Neist it lân leare jo ek de minsken achter de projekten kennen en kinne jo ek self in stientsje der oan bydrage. Oanmelde kin oant 28 febrewaris, mar fol is fol. Op de hiemside fan ‘Kerk in Actie’ (Kerkinactie) kinne jo alles fine, lyk as oer it programma, de betingsten en de kosten. En foar fragen kinne jo fansels terjochte by Jannie Boonstra (j.boonstra@protestantsekerk.nl). Sy komt jo ek graaach mear fertellen oer it projekt yn syn gehiel.

Stúdzjedei
Us klassis hat foar woansdei 4 febrewaris in stúdzjedei ‘Tussen macht en gezag’ opset foar al har predikanten en tsjerklik wurkers en ek foar oaren mei niget oan teology. Sjoernalist en tsjerke-histoarikus Dick Schinkelshoek sil dêr sprekke oer ‘Vroom en fout - wat kan de kerk van vandaag leren van een theoloog die meebewoog met het nazisme’.
Aldtestamintikus Marjo Korpel sil it hawwe oer ‘Gezag en leiderschap in de Bijbel’. Systematysk teolooch Kees van der Kooi hâldt in ynlieding oer ‘Macht en gezag’. Der is genôch tiid foar ynromme: de moarns om tsien oere is elk wolkom en de middeis om healwei fiven begjint it neisitten mei in hapke en in drankje. Oanmelde kin oant en mei 30 jannewaris troch € 25,00 oer te meitsjen op NL93RABO0373713967 fan de Classis Friesland Protestantse Kerk in Nederland. Der graach bysette fan Stúdzjedei Klassis 4 febrewaris 2026 mei jo namme en wenplak. Wy hoopje op in moaie en learsume moeting.

God en it Grutte Jild
De jûns fan tiisdei 10 maart is der foar tsjerke-rintmasters en oaren mei niget oan jildsaken de foarstelling ‘God en het Grote Geld’ troch Kees Gootjes. Kees wurket foar ‘De Nieuwe Beurskoers’, dêr’t bygelyks ek Kerk in Actie oan meidocht. Yn de foarstelling lit er sjen hoe’t kristenen har yn de rin fan de iuwen ynlitten hawwe mei de ekonomy en hoe’t dat hjoed-de-dei noch kin, lyk as mei de reserves fan de eigen gemeente. En dat dus allegearre yn in foarstelling, mei alles wat jo by sa’n wurd ferwachtsje kinne. It is yn de Grutte of Jacobijnertsjerke fan Ljouwert en it begjint om 19:30.

Waarme solidariteit
Om noch efkes oer it jild troch te gean: yn it neijier binne Jeugd & Kerk, Kerken & Landbouw en it Studentinpastoraat op besite west by de tsjerkerintmasters fan de VKB. Se woene dêr sjen litte hoe't gemeenten inoar finansjeel stypje kinne: streekrjocht of troch tegearre op te arbeidzjen foar in projekt foar de klassis as gehiel. Wy moatte it dochs mei-inoar dwaan, wie de gedachte. De trije neamde klups hawwe no jild nedich, mar der binne fansels noch mear. Oan de adressen kin de klassis jimme wol helpe. Wêr't it om giet is dat wy inoar fersterkje, just ek yn tsjerke.

Klassikale gearkomste
De klassis komt wer byinoar op tongersdei 12 febrewaris. Om de klassis tichter by de gemeenten te bringen, fergaderje we sûnt ferline jier hieltyd op in oare lokaasje, dizze kear yn Dokkum. It is dan makliker om as ynteressearre in kear oan te skowen. Wy begjinne om 19.15 oere mei in fesper, wêrnei't de gearkomste folget. Om de sfear te priuwen soene jimme yn alle gefallen ris by dy fesper komme kinne. En ek de gearkomste dêrnei kin nijsgjirrich wêze. Foar it grutste part is dy iepenbier, al sil der faak ek wol in momint wêze dat de gasten efkes nei bûten ta moatte. Oanmelde by de scriba Hanneke Dijkstra is altyd handich: scriba@classisfryslan.nl. (Lokaasje: sjoch webside classis)


Fryske tsjerkemuzyk
Yn in soad tsjerken yn ús klassis wurdt alle sneinen, op syn minst, ien liet yn it Frysk songen. Meastentiids is dat in oersetting út it Lieteboek en dy binne ornaris hiel moai. Mar wisten jimme dat der ek in soad tsjerkelieten oarspronklik yn it Frysk skreaun binne? Mei dichters as Fedde Schurer, Eppie Dam en Margriet Poortstra, en komponisten as Jan de Jong en Hendrik van der Meer beskikt Fryslân oer syn eigen tsjerklike muzykkultuer. Op 11 april wurdt in stikje fan ús lieteskat ûnder de oandacht brocht troch it Kwartettekoar, fan 15.30 oant 17.30 oere yn de Martinitsjerke fan Boalsert. De tagong is fergees.

Preekfoarsjenning
Goed nijs foar dejingen dy’t graach oan al dizze aktiviteiten meidwaan wolle: mei it preekroaster foar takomme jier hoege jimme pas yn maaie oan it wurk te gean. Teminsten: dat is ús dúdlike adfys. Op de klassikale gearkomste fan novimber ha wy it foar en tsjin fan in mienskiplike start nochris goed besjoen en de útkomst wie dat it besteande adfys sa bliuwt. Sa soargje wy der foar dat de datum net hieltyd fierder nei foaren skoot.

Mear as in datum
It adfys fan ferline jier hie mear yn as allinne de bekende datum fan 1 maaie. Mei in fêste datum binne der ommers net ynienen mear predikanten beskikber. Om sa goed mooglik gebrûk te meitsjen fan de besteande besetting binne de folgjende adfizen folle belangriker as de datum fan 1 maaie:

  • doch in tsjinst mienskiplik mei in buorgemeente;
  • kies foar in ôfwikende tiid, bygelyks sneins 11.00 oere. Of kies foar de sneintejûn . Sels de sneontejûn kin wol geskikt wêze;
  • meitsje ôfspraken mei de buorgemeenten wêr’t om byg. 9.30 oere en wêr’t om 11.00 oere tsjinst wêze sil. Foar de tsjerkegongers is der dan ek noch wat te kiezen!

As elke gemeente hjiryn meitinkt losse wy it probleem mei inoar goed op.

Sit der noch wat yn?
By ús thús is it restje fan de wyn altyd foar gebrûk yn de koken. Je kinne it sels yn de friezer sette, yn sa’n plestiken iisblokjesfoarm. It kin wol oer de kjeld. En dat jildt ek foar ús. It ferhaal fan Kana fitert ús oan om fol te hâlden, te slepen mei de fetten en de eagen op ûneinich te hâlden. De nije blidens komt lang- en ûnferwachte.

Mei groetnis,

dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)

terug
×