Minsken fan 'e wei, jiergong 2025, nûmer 7 (Fryske ferzje)
‘As in lânsman, as ien fan jim eigen folk,
sa sil de frjemdling dy’t by jimme wennet,
foar jim wêze
en do silst him leafhawwe
sast dysels leafhast.
Jimme hawwe ommers sels
frjemdlingen west yn Egypte. ’
(Leviticus 19:33, NFO)
De fergetten fraach
By ferkiezings hearre paprikasjips. Dat is alteast by my de earste assosjaasje by it feest fan de demokrasy. Ferkiezingspetearen, djipte ynterviews by ‘Nieuwsuur’ en sels de kandidaten mei harren folders op strjitte: ik fyn dat allegear aardich om nei te sjen. En ta beslút mei in pûde fol sjips foar de útslagen op de bank. It wie wer moai! Mar wylts ik nei de tillevyzje seach, miste ik dizze kear ien wichtige fraach. It gie in protte oer asyl, migraasje en net slagge yntegraasje, mar net oer de grutte fraach: hoe kinne jo yn ús lân wol mei sukses yntegrearje? En noch wichtiger: hoe kinne jo dat as gastlân mooglik meitsje?
Empaty
Yn Leviticus stiet foar dizze kwestje in goede tip en dêrom ha ik dy boppe dizze brief set: besykje dy sels earst ris yn te libjen yn it libben fan dy oar. De frjemdling is altyd minder frjemd dan ast earst tochtst. Asto dan yn petear komst, blike der wol wer nije frjemde ferrassings te wêzen: elke kultuur hat aspekten dyst as westerling net sa ien, twa, trije begripe kinst. Sels yn Nederlân is dat sa. Doe’t ik tritich jier lyn fan de râne fan de Veluwe nei Fryslân ferhúze, moest ik neist de taal ek noch in protte fan de kultuer leare. En dan hast it oer in ôfstân fan noch gjin oardel oere.
Mozes
In moai foarbyld hjirfan stiet yn it boek Exodus. Yn haadstik 2 wurdt beskreaun hoe Mozes flechtsje moest fan Egypte nei Midjan. Ûnderweis naam hy by in wetterput de tiid om efkes ta himsels te kommen. Dêr holp hy in groepke harderinnen, doe’t sy lêst hiene fan in ploechje hoeders. Dy harderinnen wiene susters fan elkoar en seis fan har wiene sels oansteande skoansusters fan dy frjemdling dêr by de put. Mar dêr kamen se letter pas achter. No nimme se syn help oan, mar litte him dêrnei, nettsjinsteande de easterske gastfryheid, helpleas achter. It is harren heit (in pryster) dy’t harren ta de oarder ropt. Pas dan leare se elkoar kennen en komt it sels ta in brulloft.
Yn ‘e kunde komme
In brulloft hoecht it by ús no ek net wer daliks te wurden. Mar in kear mei-inoar kofjedrinke of in hapke ite soe al in grut ferskil meitsje kinne. Yn it begjin net om harren te helpen, mar om mei-inoar yn ‘e kunde te kommen. In oantal gemeenten yn ús klassis hat soks al ris dien en hat dêr in ferskuorrend soad fan leard. De frjemdling kriget in namme, in gesicht en in ferhaal.
Kerk in Actie
Faaks tinke jo no: wol aardich, mar hoe pakke wy soks op? Sa ‘n fraach sit wat yn. De flechtlingen dy ‘t oan no ta op myn paad kamen, haw ik sels net socht. Se wienen der en fierders gie it mei fallen en wer oereinkommen sawat fansels. Mar der binne ek mooglikheden as gemeente om harren op te sykjen. Kerk in Actie hat koartlyn fjouwer regiojûnen opset dêr ‘t wy der wat oer hearre koenen.
Thuisgevers/thúsjouwers
Wy hawwe doe foaral in protte heard oer ‘De thuisgevers’. Dit projekt is begûn yn en om Kampen nei de Russyske ynfal yn de Oekraïne. Halje-trawalje moast der rûmte komme om minsken dêrwei hjir in plakje te jaan. Yn Kampen sloegen de tsjerke en de boargerlike oerheid de hannen gear mei as resultaat in grut oantal opfangplakken. En it smakke harren tige: De ‘Thuisgevers’ skewiele no oeral yn it lân om flechtlingen oan ûnderdak te helpen. En tsjerken binne dan faak de oansetter. Tink oan in tydlik net bewenne pastorij of oan oar leechsteand ûnreplik guod. Of in tsjerke dy ‘t net mear brûkt wurdt. Of in braak lizzend stik lân. De thúsjouwers kinne helpe by it opsetten fan tydlike of bliuwende wenrûmte, en dat foar in flechtling likegoed as foar in autochtoan. It hiele ferhaal past net yn dizze nijsbrief, mar sjoch foaral ris op har webstee: Dethuisggevers.nl en Vluchtelingenwerk.nl Dit is foaral nijsgjirrich foar ien dy ‘t tydlik ferhiere wol en dat troch de nije regeljouwing net mear kin.
Inlia en vluchtelingenwerk
Net besprutsen mar wol it neamen wurdich binne Inlia en de feriening “Vluchtelingenwerk. Foar krisisopfang en opfang fan net dokumintearren set Inlia har yn. En “Vluchtelingenwerk” begelaat flechtlingen fan harren earste AZC ôf oant it momint dat se harren selsstannich yn ús maatskippij rêde kinne.
Sjoch inlia.nl en vluchtelingenwerk.nl. Inlia.nl
Meiminske yn it leauwen
In bysûndere yngong foar ús as tsjerken leit yn it feit dat in soad flechtlingen Kristen binne. Dat makket dat wy fan it begjin ôf oan wat mienskiplik hawwe. Wy kinne mei-inoar bidde, soms mei-inoar bidde en yn'e Bibel lêze. Ek foar de libbenshâlding yn oare godstsjinsten hawwe wy soms in bettere antenne as ús sekuliere tiidgenoaten. Ek dy jefte kinne we ynsette, al wie it mar mei in relativearjende opmerking oan de keuken- of buorreltafel.
Tsjerkasyl
Hiel konkreet wurdt dy ferbûnens yn it tsjerkasyl yn Kampen. Dêr hat in gesin feilich ûnderdak fûn om útsetting nei Oezbekistan foar te kommen. Oer de eftergrûn dêrfan kinne jo lêze op kerkasielkampen.nl. It giet der benammen om dat it in skealik is foar hjir woartele bern om útset te wurden nei it heitelân dat sy net kenne. Om dit tsjerkasyl mooglik te meitsjen is der in trochrinnende fiering. ‘Trochrinnend ’ betsjut hjir ek echt trochrinnend: oerdeis en nachts. En elke gemeente kin in stikje fan dy fiering foar syn rekken nimme.
Op 21 novimber bestiet dizze fiering al in jier, en de oprop is om dêr oeral yn it lân yn de tsjinst fan 16 of 23 novimber by stil te stean. Op 24 novimber is der fan 14.00 oant 16.00 oere in fiering fanút ús klassis, dêr't jo fan herten foar útnûge binne. Jo kinne dan sjen oft dit foar jo gemeente ek wat is. Oanmelde graach by j.boonstra@protestantsekerk.nl.
Aginda
Foar dy’t net by de regio-byienkomsten wie: Jannie Boonstra komt graach op gemeente- of ringjûn om jimme by te praten oer dit ûnderwerp! Jimme kinne har freegje fia it mailadres dat hjir boppe stie.
Frijwilliger foar de telefyzje-tsjerketsjinsten
No noch hiel wat oars: de stifting “Tsjerke en Media” fersoarget alle wiken de útstjoering fan in tsjerketsjinst foar Radio Fryslân. Dizze stifting siket no in frijwilliger as koördinator fan dizze tsjinsten. De folsleine omskriuwing fan dizze funksje is te finen op de webside Tsjerkemedia.nl. De link nei de fakatuere stiet hielendal ûnderoan by “Nijs”.
Ynventarisaasje fan adressen
Wy sykje noch de adressen fan emeriti en geastlik fersoargers yn ús klassis. Hearsto by dy groep en hast noch noait post fan de klassis krigen? Dan sit dyn adres nei alle gedachten noch net yn ús systeem. Stjoer in mailtsje nei de scriba en dan is dit probleemke samar oplost: scriba@classisfryslan.nl .
Gebed
Net elk kin nei Kampen komme en net elke gemeente hat wenromte beskikber. Mar it moaie fan ús leauwe is dat je noait mei de earms oer elkoar hoege sitten te bliuwen. Je kinne de earms ek nei de himel útstekke of gewoan de hannen gear dwaan. Leafde foar de frjemdling begjint soms hiel ienfâldich mei in koart gebed foar dy’t hjir te lâne komt:
dat wa’t hjir as frjemdling
troch frjemde eagen besjoen waard
- ôfwizend soms -
echt sjoen wurde mei
- waarmhertich -
en fine mei
- oait hjirre -
in thús.
Mei groetnis
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)