Minsken fan 'e wei, jiergong 2024, nûmmer 4 (Fryske versie)

‘Nee, God hat it lichem sa gearstald,
dat Er oan it mindere méár eare joech,
dat der gjin twaspjalt yn it lichem wêze soe,
mar dat de lidden allikefolle
noed fan elkoar stean soenen.’

(I Korintiërs 12:24-25, NFO)

Fanselssprekkend gearwurkje
Yn 'e trije fearnsjier dat ik no troch de provinsje swalkje is my opfallen, dat in protte gemeenten graach gearwurkje wolle mei oare gemeenten. Sa't bliken docht yn de tekst fan Paulus hjirboppe sit dat gewoan yn ús DNA. Hy skriuwt dy wurden oan de gemeente yn Korinte en meastentiids wurde se belutsen op 'e soarch fan gemeenteleden foar elkoar: krekt dyjingen dy't eefkes wat swakker stean krije dêr trochstrings ekstra omtinken. Mar datselde prinsipe jildt ek foar de ferskate gemeenten binnen de tsjerke: in gemeente dy't sterk stiet lit it net safier komme, dat in buorgemeente omfalt. Dat hat eigenskip.

En dochs
Tagelyk sjoch ik ek, dat guon tsjerkerieden dêr tsjinoan skytskoarje. De selsstannigens fan de pleatslike gemeente sit nammentlik krekt sa goed yn ús DNA as de soarch ûnderinoar. Want just yn 'e pleatslike gemeente kin it leauwe in gesicht krije. Je kenne elkoar, je libje mei elkoar mei, je prate mei elkoar oer it leauwe en op snein fiere je mei elkoar. Yn it doarp jouwe je mei elkoar hannen en fuotten oan it leauwe troch diakonaal bywêzich te wêzen en troch kontakten te lizzen mei muzykferiening, skoalle, doarpsbelang ensafuorthinne. Dêr binne je tsjerke! En giet dat net ferlern as je opgeane yn in grutter gehiel? Ik begryp dy soarch wol, en dêrom wol ik yn dizze Nijsbrief graach wat foarbylden bylânsgean wêrby't gearwurkling net te'n koste giet fan de pleatslike ropping.

Eigen tsjerketsjinsten
Fansels is it moai om wer in folle tsjerke te hawwen, om mei fjoer en faasje te sjongen en om genôch bern te hawwen foar in echte bernenjonkentsjinst. Mar it is ek moai om dy hearre te litten yn it eigen doarp mei it lieden fan de klok by it ‘Us Heit yn de himel’. Of om sa no en dan in tsjinst mei de skoalle te hâlden. Ik haw al gemeenten heard dy ’t op ìn protte punten gearwurkje en dochs noch elk op snein in eigen tsjinst hâlde om sa pleatslik de kâns te jaan om nei tsjerke. Dêr wurdt dan in foargonger fan bûten foar frege of de eigen
foargonger dy ’t nei in tsjinst healwei tsienen earne oars dan om alve oere foargiet. Guon gemeenten wolle it tenei leafst mar op alve oere hâlde om ’t se it kofjedrinken foar de tsjinst sa’n moai fine om mei te begjinnen.

Eigen potsje
Tsjerklik boekhâlde falt net altyd ta. Ik haw it suchtsjen fan hiel wat tsjerkerintmasters al heard. De boekhâlding gearfoegje mei in neistlizzende gemeente soe in moaie oplossing biede en boppedat in ramt jaan om de sterkste skouders de swierste lêsten op te lizzen. Ik haw by in gemeente west mei mar in bytsje leden dêr ’t dochs aardich wat modder oan de kloet siet. Dy hawwe in gearwurking opset mei in gemeente mei in protte leden mar net in soad spikers. Prachtich! Mar ik sjoch ek in protte gearwurkjen dêr’t elk syn eigen potsje hâldt, wat maklik is fanwegen it eigen tsjerkegebou. Der binne wol saakkundigen dy’t it gearwurkjen op it mêd fan jildsaken goed op papier sette kinne.

Eigen Tsjerkerie
It sil in hiele opluchting wêze dat je noch mar mear de helte fan it oantal ambtsdragers nedich hawwe. Der hoege je net iens foar te fusjearjen, mei-inoar in gearkomste hâlde is genôch. Mar dochs: ik wit in gemeente, wêr se elke snein mei-inoar tsjinst ha en dochs twa tsjerkerieden om alles oan te stjoeren. Dat kin dus ek.

Eigen peteargroep
In grutte gemeente yn ús klassis hat jierrenlang foar elk doarp of groep fan doarpen in eigen peteargroep hân. Op snein giene se nei de tsjerke in ein fierderop mar troch de wike wie der in groep in de eigen omjouwing. Om mei elkoar op te arbeidzjen en it geloofspetear te hâlden. Op dizze wize fiere je sneins mei-inoar, diele je de lêsten mar binne je troch de wike pleatslik presint.

Eigen gelûd
Twa gemeente, hiel oars fan aard, dy’t dochs mei-inoar in dûmny beroppe: Moat die dûmny dan in spjalte persoanlikheid wêze? Ik tink it fan net. In protte fan myn kollegaas fine it in geweldige útdaging om mei twa gesintes te wurkjen. Foaral foar wa teologysk goed ûnderlein is, is it leauwen te grút foar allinnich mar ien smaak. En de gemeenten kinne harren eigen gelûd, nei alle gedachten, sels mear in aksint jaan yn gearwurking mei de oar.

Of dochs mear mei inoar?
It is moai om yn eigen doarp of stêd in plak te wêzen dêr’t leauwe, hope en leafde fûn wurde kin. Of leaver sein: dat is ús ropping. Mar as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin. En hjirboppe ha jo al sjoen dat der dan ek noch fan alles mooglik is, faak sels yn de lytste doarpkes. Foar guon gemeenten hat it har redding west dat se op tiid de gearwurking socht ha. En foar har buorgemeenten hat it goed west dat se sa oaren mei inoar oerein hâlde koenen.

Ferskillende foarmen
Foar gearwurking binne ferskillende foarmen mooglik. It kin mei syn twaën, mar mei in grutter oantal gemeenten gearwurkje kin ek. Je kinne mei inoar in predikant beroppe, mar je kinne ek in “gearwurkingsorgaan” foarmje en dêr foech fan de tsjerkerieden oan oerdrage. As (hast) alle foech sa oerdroegen is, wurdt it gearwurkingsorgaan ta in mienskiplike tsjerkeried. En in folsleine fusy kin fansels ek.

Earste stap
Elke reis begjint mei ien stap. Dizze reis ek: it begjint der mei in oare gemeente kennen te learen. Yn de gemeente dêr’t ik wenje binne se mei Himelfeart begûn mei “dauwtrappen”, mei inoar moarns betiid der op út mei de buorgemeente. Earne oars fersoarget de wurkmienskip fan de predikanten foar de hiele regio tarissingsmominten dêr’t elkenien oan meidwaan kin. As je elkoar fan gesicht ienkear kenne dan is it fierder net sa slim mear.

Wêr’t it om giet
Uteinlik is de fraach net: kinne wy it sels noch? De echte fraach is: kinne sy it sels noch? As it antwurd op dy fraach “nee” is, dan is it tiid om gearwurking te sykjen. Om de tekst fan Paulus noch ien fers fierder te lêzen:

“As ien lid lijt, lije alle lidden mei,
as ien lid eare wurdt, binne allegearre bliid mei.”


Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)
terug