Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 7


‘Stjoer dyn brea it wetter mar op,
want nei ferskate dagen fynst it wol wer.
Siedzje dyn sied mar yn ’e moarntiid
en gun dyn hân gjin rêst oant de jûntiid,
want do witst net oft it iene wurk slagget
of it oare,
of dat beide likegoed útfalle.’
(Preker 11:1 en 6, NFO)

Wurket it ek?
Tsjerkeminsken binne  kreatyf. Op besite by tsjerkerieden hear ik gauris opteine ferhalen oer moaie ynisjatyven  wêr as meastentiids goed oer neitocht is. Dy ideeën jou ik graach troch oan wer oare tsjerkerieden mei guon fan myn eigen fynsten derby. Dat binne fan dy hearlike mominten: de wurge eagen fan ambtsdragers begjinne wer te strielen as sa’n nije mooglikheid op it aljemint komt. Mar dan komt de fraach dy’t al dat ljocht betiden wer dôvet. It is in hiel begripelike en foar de hân lizzende fraach dy’t dêrom ek kear op kear steld wurdt: ‘Wurket it ek?’ Meastentiids wurdt de fraach mei de bêste bedoelingen op tafel brocht en dochs: it fjoer dôvet noch foar’t it goed en wol opflammet. Nei dat ‘wurket it ek?’ is it  entûsiasme fuort en … it wurket net mear.

Under dak
In resint foarbyld is de Aksje Ûnderdak. Jo hawwe der grif wol earne oer lêzen: op inisjatyf fan de Ried fan Tsjerken stelle lokale tsjerklike gemeenten wenromte beskikber foar statusâlders út in AZC. De aksje is opset yn gearwurking mei njoggentjin tsjerkegenoatskippen, it ministearje, INLIA en it COA.
De opfang duorret maksimaal trije moanne en faak is der ek al útsjoch op wêr’t de minsken dêrnei telâne komme kinne. Mar troch dizze aksje kin it gesin al trije moanne earder yn dy omjouwing wenje. Dêrtroch kin de ynboargering earder begjinne en dat ek nochris yn in waarme sfear, mei al dy tsjerklike frijwilligers om harren hinne. Foar de dielnimmende gemeenten is it dus ek in oefening yn gastfrijens. Mar wurket it ek?
In sjoernalist appte my mei de fraach hoefolle tsjerken yn ús klassis al meidogge en hokker dat binne. Logysk: in sjoernalist siket nijs en nammen, oantallen en oare feiten binne dêr tige geskikt foar. Mar spitigernôch moast ik him it antwurd skuldich bliuwe.
Fan de organisaasje hearde ik dat der ûnderwilens sa’n 140 serieuze oanmeldingen binne, mei dêrnjonken nochris sa’n 100 fragen fan gemeenten dy’t deroer neitinke. Mar wêr krekt, dat koene se net sizze. Dat wie net allinnich om’t it giet om minsken dy’t net altyd baat hawwe by media-oandacht, mar ek om’t it trajekten binne wêrfan’t je nea witte wêr’t se op útrinne.
Sa wie der it foarbyld fan in tsjerke dy’t graach meidwaan woe, mar dêr’t de boargerlike gemeente al oan har ferplichtingen út de Spreidingswet foldien hie. Moai fan dat gemeentebestjoer fansels, mar spitich foar dy tsjerke. En sa binne der noch wol mear foarbylden.
De Aksje Ûnderdak is dus sa’n beekje dêr’tst fol goede moed dyn brea op útstrooist: letter sjochst wol wer wêr’tst it weromfûn hast.
Oant ein desimber kin ek jo gemeente noch meidwaan!

Ambulant Jeugdwerker
Noch resinter foarbyld is de ambulante predikant foar it jeugdwurk, dêr’t ús wurkgroep Jeugd & Kerk al jierren nei siket. Finânsjen, regeljouwing en krapte op de arbeidsmerk wiene obstakels dêr’t se allegear omhinne moasten en no liket it derop dat de kûgel optlêst troch de tsjerke is. Slagge! Mar oft it ek wurket?
Jeugdwerk op himsels is al siedzjen: men helpt jongerein in lyts eintsje fierder op har paad, mar sjocht meastentiids net wêr’t dat útkomt. Dêr hast ek neat  oer te sizzen: de jongere sels makket syn of har kar, mear of minder beynfloede troch de wrâld om him of har hinne. Sels it begjin is ûnwis: kinst dyn jeugdwurk noch sa goed delsette, meidwaan of net stiet elke jongere frij.
En dan dy ambulante krêft: dy sil wurkje yn meardere gemeenten tagelyk, krekt dêr’t jeugd en wurk foar him of har is. Krekt ek dêr’t mar in bytsje jeugd is, wolle wy dy net yn ‘e kjeld stean litte. Freegje jo it projektplan mar op, dat stiet as in hûs. Mar fierder: ‘Witst net oft it sie de iene of de oare, of elke kear ûntkymje  sil.’

Beliedsplan
Yn ús beliedsplan binne dizze en oare saken fansels netsjes ûnder wurden brocht. Eltse gemeente en eltse klassis hat sa'n plan. Faak wurdt dêr ek in soad enerzjy yn stutsen en sjocht it der prachtich út! Mar freegje net oft it ek wurket. Op besite by in tsjerkeried helje ik der faak in fraach út, en meastal sjocht men my dan wat dizenich oan. ‘Ik lies it yn jo beliedsplan’, sis ik en dat leaut men dan mar. In beliedsplan bedarret faak yn in laad. Mar is sa’n tsjuster laad ek net krekt it plak dêr't it kime kin?

Predikant en Pastor
De ôfrûne wiken hawwe mear as trijekwart fan ús tsjerkerieden wiidweidich stúdzje makke fan de plande wizigingen yn de tsjerke-oarder oangeande it amt fan predikant. Dat wie gjin maklike put! Der kamen in soad wiidweidige reaksjes en in lytse kommisje hat besocht om dêr de haadlinen út te heljen.
By it ferskinen fan dizze brief hat de klassikale gearkomste dit yntusken besprutsen en har ynbring ferwurde, sadat de Synoade dêr yn april wer mei fierder kin. Hoe't it ôfrint? Ut de reaksjes waard sûnder mear dúdlik dat wy yn Fryslân it ûnderskied tusken predikant en predikantpastor net helder fine. Wat docht de ien en wat docht de oar? We hoopje fansels dat earne tusken no en april dat ûnderskied better útwurke wurdt, mar ienfâldich sil dat net wêze. As de Synoade it dan oannimt, moatte wy der fan 1 jannewaris 2028 ôf mei oan de slach.
Sil it ús helpe? Der hawwe echt hiel kundige minsken nei sjoen. Op syn minst wichtich: “Wy hawwe der mei alle tsjerkerieden nei sjoen”. Moatte we it mar weagje dan? It is as mei it struien fan bôlekrommels, je witte nea hokker fûgels der op ôfkomme sille.

Gearwurking
“Ik kin wol begripe dat it spannend is”, sei ik justerjûn noch by in tsjerkeried fan in gemeente dy’t in fusy oangean sil mei in neistlizzende gemeente. “Ja, mar je krije der ek in soad foar werom” krige ik as antwurd. En dat hear ik wol faker. Mar dat wit men fansels net fan tefoaren. Je kinne ek fêst komme te sitten yn in hakketakjen sûnder ein fan “wy ha dat altiten oars dien” en “jimme ek altiten”. Mar om earlik te wêzen, ik hear soks faker út bangens as út reële ûnderfining. De measte gemeenten binne bliid dat se de lêsten diele kinne. En echt entûsjast wurde se wannear’t der út de gemy tusken de partners wat nijs blykt te ûntstean: it wurket! Mar yn’t foar wit je dat fansels net...

Tsjerklik buros
Der komt hieltyd mear sicht op de mooglikheid fan in mienskiplik tjerklik buro. Mar oft it ek slagget? Jo kinne yn elk gefal kontakt opnimme mei de VKB as jo kolleezje de enkête noch net ynfolle hat.

It kin ek net wurkje
Hoe goed alles ek taret wurdt en hoe hurd men ek skrept, súkses is net te plannen. Miskien kin dat by guon oare dingen yn it libben, al ha ik dêr ek twifels oer: de boer wit by it siedzjen net hoe’t de rispinge wêze sil. Yn de tsjerke kin it yn elk gefal net: wy wurkje mei minsken dêr’t alle dagen wer oars foar wêze kinne. It makket fansels wol ferskil wat wy dogge en hoe’t wy it dogge, al is it mar om it gefoel dat it net oan ús lein hat. En as it al goed giet dan tankje wy beskieden de himel. Us taak bliuwt beheind: doch goed en sjoch net werom.

Op hope fan seine
Mochten jo ek wat bôle útsmite wolle yn it wetter, bygelyks troch gastfrijens te oefenen mei de Aksje Ûnderdak, troch mei te dwaan oan it projekt fan Jeugd&Kerk of troch gearwurking mei  buorgemeenten oan te gean- stjoer my dan efkes in mailtsje foar mear ynformaasje. Of freegje mij of ús skriba nei ús nij beliedsplan: wy stjoere it jo ta al wie it ta ûntkymjen yn jo laad!

Op hope fan seine!

Mei groetnis,

dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)

 

terug
×