Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 6


‘Mar wysheid lykas beskreaun stiet:
Wat it each net sjoen en it ear net heard hat
en yn it minskehert net opkommen is,
alles wat God ree makke hat
foar dy’t Him leafhawwe.’
(I Korintiërs 2:9, NFO)

Fan fier
‘Watst fan fier hellest, is lekker’ sa seit it sprekwurd en dat jildt foar in part ek foar ús leauwen. Al wat tichteby en werkenber is, giet ommers mank oan deselfde kwalen as wysels. Ynspiraasje helle wy út in frjemde boarne: âlde teksten út de bibel en in liturgy, dy’t him yn de rin fan de ieuwen ûntwikkele hat. Net omdat âld altyd better is dan nij, wol omdat it jo oars sjen lit nei dat wat jo tinke te kennen. Sa ek helpe ús kontakten binnen de wrâldwide oekumene ús om mei in fris each te sjen nei wa’t wy sels binne.

Frijút tsjerke-wêze yn Bradford
Klassisdûmnys en synoadeskriba gongen dêrom nei Ingelân om de Anglikaanse tsjerke kennen te learen. We oernachten yn Bradford yn de buert fan Manchester en Leeds. De earste dei al waarden we ûntfongen yn de katedraal troch de pleatselike deken. Wat my by dizze moeting opfoel wie dat ús gasthear tocht fanút it tsjerkegebou. Dat stiet iepen foar elke siel yn de stêd en yn de tsjerke dogge se der alles oan om de minsken sa goed as mooglik te ûntfangen. Yn ús protestânske gemeenten tinke wy mear fanút de gemeente en har leden. Oan de iene kant is dat moai: jo tinke fanút de mins. Oan de oare kant is de ledelist foar in protte ek in boarne fan skuldgefoel: hjir haw ik allegear noch net west… De Anglikaan lit dat foar wat it is, docht de doar fan syn tsjerke iepen en lit syn fantasy frijút gean om wat foar de minsken te dwaan. En der komme in protte minsken: net allinnich omdat it in moaie, âlde katedraal is, mar ek omdat minsken har dêr wolkom fiele. Bradford is in multi-kulturele stêd. Alle nasjonaliteiten en religys komme jo der tsjin. Dochs sprekt in elk fan ‘ús katedraal’. It fielt foar in protte as ‘neutraal gebiet’. Net dat de tsjerke ea neutraal wêze kin: de muorren binne fol fan ieuwenâld gebed. En dêr geane se ek mei fierder. Wa’t deryn komt mei witte dat dit in tsjerke is. Der klinke wurden fan leauwen. In frijút leauwe kinst dat neame: oertsjûgjend mei alle romte foar de oar.
Yn Nederlân dogge we faak of it iene of it oare: óf we brûke de tsjerke foar in tsjerketsjinst óf we ferhiere it gebou foar hiel wat oars en sanedich wurde de kristlike symboalen opburgen. Soene wy hjiryn wat fan Ingelân leare kinne?

Solidariteit yn Thornburry
Hjirboppe neamde ik al it multykulturele karakter fan Bradford. Yn de wyk Thornburry binne de measte ynwenners moslim. De kristlike gemeente is sa lyts wurden, dat de tsjerke by ús al ticht wêze soe: net mear op te bringen foar de gemeente. Mar hjir is in oare kar makke. De Anglikaanske tsjerke tinkt net fanút de pleatslike gemeente mar fanút it bisdom. En dat wol dizze wyk net yn de steek litte. De sneinske tsjerketsjinst slagget der net mear, mar de deistige gebeden geane troch. En fierder is der in itensbank, bernewurk, frouljuswurk, biblioteek, wyktún ensfh. Sa bliuwt de tsjerke sichtber oanwêzich. Soe dat by ús, troch waarme solidariteit, ek kinne?


Moeting yn ’e Fountains Church
Net allinnich it behâlden fan besteande tsjerken blykt sa mooglik, ek it stiftsjen fan nije. De Fountains Church sit yn in earder kompleks fan nachtklups. It is in sintrum wurden dêr't tsjerke en stêd elkoar moetsje. Men kin der iten foar in euro, sjen nei in bibelferhaal yn pantomime of meidwaan oan de moeting fan kristenen en moslims.
Yn in stêd dêr't it wrâldnijs daliks fielber is yn de minsken om dy hinne is dit petear hurd nedich. Wat ik ferrassend fûn is dat dizze dialooch dêr begjint by de froulju. Sjoen it bysûnder plak fan froulju yn de measte net-westerske religys jout dit nije yngongen yn in relaasje dy't soms al jierren fêstrûn is.


Tsjerkemuzyk yn York
Hichtepunt fan de reis wie de evensong yn York Minster. Wat is dy Ingelske tsjerkemuzyk dochs moai! Benammen ek ast der oan tinkst, dat it alle dagen trochgiet, sprekt my oan: wat der ek bart, de lofsang giet troch! It is net allinne de klank, it is ek it teäter dat se derfan meitsje: tradysjonele koarklean, plechtich binnenkommen en wijde stilte meitsje it ôf. En ek hjir wer dat stikje frijmoedigens: minsken fan alle leeftiden sjonge mei yn it koar, ek jongerein, sûnder skamte. Wisten jo trouwens dat jo ek fan Fryslân út hjir oan mei dwaan kinne? Op zingeninengeland.nl fine jo de nedige ynformaasje.

Opstanning yn Harrogate
Harrogate leit yn wat mear lannelik gebiet, al fielt it foar Fryske begripen noch bêst wol stedsk. Wy wiene der tegast yn in netwurktsjerke: bûten de tsjinst op sneintemoarn wie der in hiel netwurk fan aktiviteiten, min of mear keppele oan it leauwe. Sa koest der in ‘resurrection bike’ keapje: in âlde fyts dy’t troch in groep frijwilligers opknapt wie en dêrmei in nij libben begjinne koe. Mei-inoar mei kuierklubs, hânwurkrûnten en oare aktiviteiten ûntstiet der sa in netwurk dêr’t it leauwe as fanselssprekkend ek op it aljemint komt. Yn guon gemeenten hjir sjoch ik ek sokke netwurken ûntstean. De aktiviteiten lykje neat mei de tsjerke út stean te hawwen, oant ast al nifeljend samar dyn libbensfragen op tafel lein hast.

Woartels yn Ripon
Yn Ripon kamen we ticht by de boarne dêr't ek ús tsjerke yn Fryslân fan út ûntstien is. Dit is de stêd dêr't Willibrord opgroeid is, de aartsbiskop fan de Friezen dy't yn it begjin fan de achtste iuw it Evangeelje nei ús lege lannen brocht hat. Hjir binne we ûntstien, tocht ik. Hjir begjint ek ús ferhaal. Yn 'e Anglikaanske tsjerke is men gewoan om dyn amt yn 'e tsjerke ek yn dat ferbân te sjen. Wy hawwe it Evangeelje net sels betocht, wy hawwe it fan harren dy't ús foargien binne. En dy wer fan harren dêr foar. De bân tusken pryster en biskop is dêrom hiel wichtich: fia him stiet men yn 'e tradysje dy't ea by de apostelen begûn. Dat befrijd je fan de waan fan dedei. Wy helje it fan fierren.


Werkenning yn Richmond
It meast treastryk fûn ik ús besite oan Richmond. It tsjerkje hat ea noch tsjinst dien as dekôr foar James Harriot, dan kinne jo je wol in foarstelling meitsje. We sieten der byinoar mei trije foargongers fan sân tsjerken yn njoggen doarpen. It binne allegear lytse mienskippen dy't har no oriïntearje op de fraach: hoe fierder mei minder minsken? Se binne te ferweven mei de doarpen om dy los te litten, mar tagelyk binne se te kwetsber om alles fêst te hâlden. Se besykje no mei ien tsjerkeried meardere mienskippen te ferbinen, om op elk plak wól oanwêzich te wêzen. Alles is goed te ferlykjen mei ús situaasje en krekt as harren hâlde wy dapper fol: yn hokker foarm dan ek, de tsjerke giet troch!


Kieze op snein
Op snein gongen wy twa by twa nei tsjerke. Ik mocht mei in kollega nei de katedraal, dêr’t ús skriba de preek hâlde mocht. In oar twatal wie by in opwektsjinst yn in efterstânswyk. Se wiene ûnder de yndruk, net iens it meast troch de fiering sels, mar benammen troch de manier wêrop de tsjerkegongers der yn meidiene. It leauwe spruts yn harren eagen. Yn de tredde tsjerke waarden ferskate tradysjes mei inoar ferweefd, yn de fjirde waard foar in hiele rige minsken har doop befêstige yn de konfirmaasje. Tradisjoneel, troch de biskop, mei miter en al. Genôch kar mooglikheden. En dat jilde net allinne foar ús: elk hat de kar. Der is net mar ien manier fan fieren, mar se kieze foar mei inoar mooglikheden biede. Mixed ecology neame se dat. Guon gruttere plakken by ús yn de klassis eksperimentearje der ek mei, dêr seagen wy hoe’t it wurkje kin. Ik hâld der fan.

Wer thús
De frijmoedigens fan ús Ingelske kollega’s bliuwt ús by. Is it harren liturgy, harren gefoel foar tradysje, harren tsjerkestruktuer of harren prysterboardsje. Of ha se it gewoan yn har. Us altyd mar besykjen om gewoan te dwaan liket ús dêrneffens miskien mar wat keal. Sa is dat faak by wat je om fierrens fine. Dêr binne wy tsjerke foar.

Foar it bûsboekje: 15 novimber Sjongmiddei Fedde Schurer; 17 novimber klassis; 28 novimber studjemiddei oargelisten. Sjoch classisfryslan.nl.


Mei groetnis,

dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)
 

terug
×