Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 5
‘Sis net: Wêrom wie it foarhinne better as no?
Want do soest soks net út wysheid freegje.’
(Preker 7:10, NFO)
Tiden ha tiden
Yn de tsjerke barre moaie dingen. Wol wurdt der gauris klage, dat der eartiids mear minsken kamen, dat der elke jûn wat te dwaan wie en dat soks no folle minder is. En dat is ek sa. Dochs soe ik net graach ruilje wolle mei in dûmny út de fyfticher jierren. Ik libje yn dizze tiid en hjir hear ik thús, mei alle mooglikheden en útdagingen dy’t dy tiid ús te bieden hat. Of better sein: mei de jeften én opjeften dy’t de Hear ús jout. Dêr moatte en meije wy it mei dwaan.
Ynspiraasjejûn
Ik sil dan ek net sizze dat it jongereinwurk eartiids makkeliker wie as hjoed de dei. Dat is net sa. Lyk as doe kinne jo mei bern en jong-folwoeksenen prachtige petearen ha oer it leauwen en it libben. Mar, jo moatte it wol elke kear op ‘e nij ûntdekke.
Dêrom is der by it begjin fan dit nije seizoen in ynspiraasjejûn fol mooglikheden dy’t fuortendaliks op eigen club, kategezegroep of tidens de bernenjonkentsjinst ta te passen binne.
It oerkoepeljende tema dit jier is ‘Op ferhaal komme’. Foar in goed ferhaal is der net allinnich ferlet fan in ferteller, mar boppenal fan immen dy’t goed harkje kin. Mar, hoe moat dat? Dêroer giet de wurkfoarm ‘Goed harkje’. Spulfoarmen om elkoar in ferhaal te fertellen wurde presentearre en prebearre tidens in oare wurkfoarm. Yn ‘Foarlêze en fertelle’ learst los te kommen fan papier en kinst it âlde ambacht fan ferteller prebearje. Liesbeth Winters nimt dy mei nei it ‘Lân fan ferwûndering’, wêrst mei simpele attribúten ferhalen ta libben bringst.
‘It lestige ferhaal’ giet oer tema’s dy’t dreech of swier wêze kinne, mar wêrst dochs wat mei dwaan wolst. By ‘Bibelferhalen diele yn it jongereinwurk’ wurdt it aksint lein op teeners. Fan al dizze wurkwinkels kinst der twa kieze. Fierders is der romte foar it eigen ferhaal tidens it iten foarôf en de borrel nei ôfrin.
Dizze jûn organisearje wy yn gearwurking mei Roetz. Opjaan kin oant 20 septimber fia harren hiemside (website): roetz.nl (sjoch op ‘impactmakers’). Oanfang: 1 oktober om 18.30 oere yn Trinitas, Coehoorn van Scheltingawei 1 op it Hearrenfean.
Jongereinwurker
Jongeren binne der noch genôch yn de tsjerke, mar trochgeans net sa sichtber en selden in protte tagelyk. In protte jongereinwurk wurdt dan ek dien, sûnder dat de gemeente dêr folle fan sjocht. Mar it is der wol! Jongeren en harren lieding stekke der in protte tiid en enerzjy yn, se helje der faak ek grutte foldwaning út.
Troch it lytsskalige is it professionele stypjen fan jongereinwurk faak dreech pleatselik te organisearjen. Faak is dat ek net nedich: in protte groepen rêde harren self. Mar sa no en dan is der dochs in triuwke nedich. De wurkgroep ‘Jeugd & Kerk’ fan ús klassis siket dêrom in tsjerkelik wurker, dy’t him/har dêr mei dwaande hâlde sil. Yn in oantal gemeenten sil dy it fêste gesicht wurde foar de jongerein, yn oare gefallen sil dy sa no en dan hulp biede oan in projekt of rie jaan. De folsleine fakatuere is te finen op de pkn.nl ûnder fakatueres. En gemeenten dy’t benijd binne, of noch oanheakje wolle, kinne harren melde by Dorette van Houten (d.vanhouten@planet.nl).
Grûn
Op hokker wize moatte wy yn dizze tiid tsjin ús grûn oansjen? It ‘Fries Godgeleerd Gezelschap’ sil op 2 oktober om 9.30 oere, dêr oer yn petear mei professor Mirella Klomp fan de PThU. Om’t dit in wichtich tema foar ús klassis is, is dizze moarn ek tagonklik foar net-teologen. Wêr: Meniste tsjerke, Wurdumerdyk 18, Ljouwert. Oanmelde: € 25 (ynklusyf breatafel) oermeitsje op NL31 ASNB 8833 3031 79 op namme fan F.H. Weeda, û.f.f. Studiedag FGG.
Taal
Ek ús taal feroaret, dêrom is der in groep saakkundigen dwaande mei in nije Fryske Bibeloersetting. Dat wurk is no op healwei,wat fierd wurde sil mei in lyts sympoasium op 2 oktober, om 15.00 oere yn de Waalske Tsjerke, Grutte Tsjerkestrjitte 22, Ljouwert. Meidwaan is fergees, oanmelde kin fia ynfo@fryskebibel.frl.
Fedde Schurer
Sûnt Kneppelfreed (1951) is der lokkich hiel wat feroare, om dy reden sil dy dei feestlik betocht wurde troch it YKFE op 15 novimber, mei in sjongmiddei mei lieten fan Fedde Schurer. Foar it gelegenheidskoar wurde noch sjongers socht. De rippetysjes binne op 24 en 31 oktober. Ynfo en oanmelding op www.ykfe.frl.
Tsjerke-oarder
Men ûntkomt der ek yn tsjerke net oan om saken goed te regeljen en ôfspraken te meitsjen. Dy hawwe wy sammele yn de tsjerke-oarder. Bêst wol ferfeelsum, hear ik jo tinken, en nettsjinsteande dat de opstellers doedestiids besocht hawwe der in moai gehiel fan te meitsjen, is it yndie gjin lektuer foar it sliepengean. Mar lykas sein: men ûntkomt der net oan. No binne de regelingen foar tsjerklik wurker, pastor en predikant oan bar. Benammen foar de tsjerklik wurker dy’t eins it wurk docht fan in predikant foldogge de besteande ôfspraken net mear. Mar ast ién ôfspraak feroarje wolst, komt de rest ek yn beweging. Foar’t ús synoade de nije regelingen fêststelt, wol se earst noch íén kear de gemeenten hearre.
Jim tsjerkerie hat dêr de stikken foar krige. Gelokkich sit der in goeie hantlieding by, mar it kin dochs gjin kwea der noch wat eftergrûnynformaasje by te krijen. De klassis noeget jim dêrom út om op 30 septimber nei Drachten te kommen, dêr’t ds. Arie van der Maas (in spesjalist op dit mêd) ús der alles oer fertelle sil. De jûn begjint om 19.30 oere yn de Oase, Ringweg 3 yn Drachten.
Tsjerklik buro
De tekst fan Prediker wurdt bysûnder nijsgjirrich tsjin de eftergrûn fan de administrative lêst foar tsjerkerintmasters en diakens. Troch de technyske foarútgong kinne we op dat mêd hieltyd mear, mar as gefolch dêrfan freegje we elkoar ék hieltyd mear. En wêr moatst dan foar kieze: de ienfâld fan earder tiden of de mooglikheden fan no? Of akseptearje we de nije tiid en besykje we meiinoar te dwaan wat allinnich net mear slagget? Dat lêste sil de VKB mei ús ûndersykje, en heal septimber krijt elke tsjerkerie dêr berjocht oer. Graach in réaksje as jo neat krige hawwe.
Paad fan dissipelskip
By de besite oan tsjerkerieden hear ik faak de fraach hoe’t we omgean moatte mei de resinte feroarings yn it maatskiplik klimaat. Oant foar koart klonk der yn ús lân benammen respekt foar minderheden en wie men gastfrij foar de frjemdling en benammen ek foar de flechtling. No liket it omkearde it gefal te wêzen: oer minderheden klinkt hurde taal en foar flechtlingen is der in kâlde ûntfangst. Hoe moatte wy dy feroaring útlizze? En watfoar rol hawwe wy dêr as tsjerke yn te spyljen? Der klinkt yn dy fraach oprjochte soarch troch. Oan de iene kant wol men graach werom nei de âlde wearden fan respekt, gastfrijens en ferdraachsumens, oan de oare kant kent men de tsjinsprekkers en wol men har ek net kwyt.
In soad fan dy tsjerkerieden sille dan ek bliid wêze dat de Raad van Kerken har hjir no oer útsprutsen hat yn har rapport ‘De weg van discipelschap’. De ûndertitel giet sa: ‘De omgang van de kerken met radicaalrechts gedachtegoed’ en dat is krekt wêr’t dy tsjerkerieden nei op ‘e siik binne. De Dienstenorganisatie yn Utrecht hat in hantlieding foar wa’t dat rapport yn eigen gemeente yn íén of twa gearkomsten besprekke wol. As jo op pkn.nl sykje nei ‘discipelschap’ fine jo it sa. As der ferlet is oan mear tarissing, hearre wy dat graach fan jo: faaks kinne wy dêr as klassis yn foarsjen.
Tiden ha tiden
De tiid fan hjoed de dei is net in protte oars as oare tiden. De Oar ropt ús op wei te gean ta de oar. Want dat feroaret net.
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)