Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 4
‘Tink om ’e sabbatdei, en hâld dy hillich.
Seis dagen silst arbeidzje en al dyn wurk dwaan.
De sânde dei lykwols is in sabbat foar de Heare,
dyn God.
Do meist dan hielendal gjin wurk dwaan
(…)
Want yn seis dagen hat de Heare
de himel en de ierde makke,
de see en alles dat dêryn is
en Hy rêste de sânde deis.
Dêrom hat de Heare de sabbatdei segene
en dy hillige.’
(Exodus 20:8-11, NFO)
Sabbat
Wat ha ik yn sa’n lêste nijsbrief foar de simmer noch te sizzen? Rûnom minsken dy’t mei harren koffer as kamper der op útgeane en nimmen dy’t dêr swier oan tilt. It is krekt lyk as mei de âlde sabbat: in kollektyf momint fan rêst, wat troch de mienskippelikheid dêrfan de fryheid jout om dy rêst ek te nimmen. Dat is goed en heilsum, ek yn de tsjerke. Mooglik reitsje we dêrmei sels de kearn fan it libben: it libben as jefte, noch foardat it ta in opjefte wurdt.
Klassisgearkomste
Op 27 maaie hiene we noch in klassisgearkomste. It gie dêr ûnder oare oer it beleidsplan. Dat is in bysûnder dokumint yn de tsjerke. Hast alle gemeenten ha nammentlik sa’n beliedsplan. Yn de tsjerkeoarder stiet ek dat dit sa moat. By myn fjouwerjierlikse gemeentebesites sjoch ik ek altyd dat beliedsplan efkes troch: der stiet altyd wol wat nijsgjirrigs yn om op troch te freegjen. En soks fynt de tsjerkeried meast ek: aardich om te hearren, mar wy wisten súfer net mear dat dit ek yn ús beliedsplan stie! Tja, soks is wat … Mar is it slim? Gauris kom ik ta de oerstjûging dat in gemeente yn it earste plak in mienskip is en gjin organisaasje. Net it belied giet foarop, mar it fernuverjende feit dat we elkoar jûn binne. En dêr begjint it, elke snein op’e nij.
Finansjeel beliedsadviseur as Fiba
Yn maart begûn foar Andele Hellema, ús foarige Fiba, de sabbat fan syn pensioen; yn maaie mochten we him beneame ta lid fan it CFFB: sabbat is dan wol rêst, mar gjin leechte. Syn opfolger as Fiba is yntusken ek bekend: mei yngong fan 1 juny is dat Kees Posthumus út Zalk. Dat liket it bûtenlân, mar hy ferstiet prima Frysk, kin dat ek wol in bytsje prate en sil hjir gau genôch it paad wol fine kinne. Neist bedriuwsekonoom is hy ek learaar. By de earste moeting murk ik dat hy saken helder útein sette kin. Alle reden om him oan te sprekken as jo fêstrinne yn FRIS, it mearjierrenplan net rûn krije of as jo net witte hoe om te gean mei in oerskot as krekt in tekoart op de begrutting. Jo kinne him berikke fia de mail: k.posthumus@protestantsekerk.nl.
Ynspiraasjejûn
By de ynspiraasjejûn foar it jongereinwurk kamen we ta de ûntdekking dat de grutte simmersabbat yn maaie al begûn wie. We ha dêrom in nije datum socht en ta ús grutte ferrassing binne al ús wurkwinkellieders meiferhúze. It sil no barre op de jûn fan tongersdei 1 oktober, op’e nij yn Trinitas op it Hearrenfean. It téma is noch altyd: ‘Op ferhaal komme’. We begjinne om 18.30 oere hinne mei in miel iten. En der binne ferskate wurkwinkels mei ideeën wêrst mei dyn berne-, jongerein-, klub- of kategezegroep mei oan de slach kinst!
Tsjerke-oarder
By in sabbat heart in puzel, alteast foar wa't fan puzeljen hâldt. Wa't útsjoen is op krúswurd -, liz - en sudokupuzels kin him fan't simmer lave oan it pakket tsjerke-feroarings dat de synoade oan de tsjerkerieden foarlein hat. It giet om bêst wichtige saken, nammentlik hoe't it wurk fan tsjerklik wurker, pastor en predikant der yn de takomst útsjen sil. En foar wa't oars ek graach efteryn it boekje sjocht: op 30 septimber is der in brede klassikale gearkomste dêr't Arie van der Maas ús op wei helpe sil om de puzelstikjes op harren plak te krijen. De jûn begjint om 19.30 oere yn de Oase yn Drachten, oanmelde mei wol mar hoecht net. Dit kin by ’s scriba Hanneke Dijkstra, e-mail: scriba@classisfryslan.nl.
Grûn
Yn it Alde Testamint wurdt der net allinne rêst gund oan minske en bist, mar ek oan 'e grûn. Tink dêrby oan it sabbatsjier. Op de jierlikse stúdzjedei fan it Frysk Godgeleard sil prof. dr. Mirella Klomp de fraach sintraal stelle hoe't wy ús ta de ierde ferhâlde op in teologysk ferantwurde wize. Dizze stúdzjedei stiet iepen foar leden en net-leden fan it selskip en fynt plak op freed 2 oktober fan 9.30 – 13.30 oere. Plak: Doopsgezinde Tsjerke, Wirdumerdijk 18, Ljouwert. (Oanmelde: stoart foar 29 septimber € 25 (ynkl. middeisbrochje) of € 15 (sûnder) op NL 31 ASNB 8833 3031 79 t.n.v. F.H. Weeda, û.v.v. Studiedag FGG.
Aginda
Soms berikt in oankundiging fan in aktiviteit ús pas op it lêste momint. Of yn alle gefallen: te let foar de nijsbrief. We sette it dan faak wol op de webside: classisfryslân.nl. It leannet dus de muoite om dêr ek dizze simmer sa no en dan efkes te sjen.
Gemeentejûn
As je dochs op ús website binne, sjogge dan ek ris ûnder it kopke ‘oanbod’. Dêr stiet in hiele list mei sprekkers foar gemeentejûnen. De fariaasje is grut: foar hast alle gemeenten is der wol wat te finen.
Oersette
Genietsje je ek sa fan de Fryske ferzje fan dizze nijsbrief? Dat is it wurk fan trije trouwe oersetters. Dêr slagget it prima mei, mar in fjirde soe wolkom wêze. As jo my in berjochtsje stjoere, fertel ik der graach mear oer.
Soart siket soart
Wat in moaie stúdzjedei op 3 juny: in seal fol mei dûmnys en tsjerkelik wurkers dy’t mei elkoar harren tosken sette woene yn in dreech theologysk ûnderwurp. It is goed elkoar te sjen en te praten. Jo diele jo ynteresse, jo soarch en jo langstme. Soks docht goed!
Yn de klassis binne mear fan sokke groepen wêr as minsken mei deselfde funksje harren erfaringen útwikselje kinne. Sa is der bygelyks de wurkgroep tsjerkemusyk foar oargelisten, pianisten en kantors, de VKB foar tsjerkerintmasters en de jierlikse gearkomsten fan geastlik fersoargers en dy fan konsulinten.
Jongereinwurker
De wurkgroep Jongerein & Tsjerke (Jeugd & Kerk) moat dizze simmer hurd oan de slach: der liket skot te sitten yn it projekt fan de ambulant dûmny of tsjerkelik wurker foar it jongereinwurk. De bedoeling is ienfâldich: der moat yn Fryslân immen beskikber wêze foar begeleiding en/of lieding yn it jongereinwurk, krekt dêr wêr as op dat stuit jongerein is. Twa gemeenten dogge no yn elk gefal mei. Mar we sykje noch in tredde en it leafst ek in fjirde gemeente dy’t dizze wurker ynhiere wol (of finansjeel stypje). Dan kinne we hjirmei úteinsette. Net om Fryslân te bekearen, mar om jongerein dy’t wat wolle dat ek biede te kinnen. Mear witte? Mail dan mei de klassisdûmny of mei ds. Dorette van Houten (d.vanhouten@planet.nl).
Sabbat
En dan is der rêst. Minsken lûke fuort en de sinne smyt syn eigen ljocht op saken dy't de rest fan it jier sa wichtich binne. Net foar elk is de stilte noflik: it kin ek iensum wêze, lit ús sunich wêze opinoar. Mar in soad minsken docht de simmerrêst goed. It is as in sabbat. Wy meie der wêze. De wrâld en de minsken meie der wêze.
Segene simmer, lit it frede wêze!
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)