Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 3
‘En dizze wurden dy’t ik dy hjoed gebied
moatst dy goed ynprintsje.
Do moatst se dyn bern ynskerpje
en der oer prate,
wannearst yn ’e hûs sitst
en ast op ’en paad bist,
ast op bêd giest en ast derôf komst.’
(Deuteronomium 6:6-7, NFO)
It ferhaal giet troch
‘Moat dat echt? ’, tocht ik faak by it hearren fan de wurden hjirboppe. Moat ik der hieltyd oer begjinne? ‘Foar alles is in tiid’, seit de Prediker, en dat meie wy hjir grif ek wol op tapasse. Mar wy kinne net swije. It ferhaal giet allinnich mar fierder as wy de tiid nimme om ús út te sprekken en nei oaren te harkjen.
Yn de tsjerke jouwe we inoar de romte om dêr de tiid foar te nimmen, dat dogge we yn eigen gemeente, en sa no en dan ek mei alle gemeenten byinoar.
Kommende moannen dogge we it, yn alle gefallen, trije kear.
Ien kear foar opfieders, bernenjonkentsjinstlieders, klubleiders, katecheten, jeugdâlderlingen en predikanten. Ien kear foar teologen.
Ien kear foar elk dy't geastlike waarmte siket.
Meitsje jimme eigen kar!
28 maaie: ‘Op ferhaal komme’
It foarich jier binne we dermei begûn en it is stadichoan in tradysje oan it wurden: de ynspiraasjejûn foar it jongereinwurk. Wy dogge dat yn oparbeidzjen mei Roetz. Hja binne aardich goed yn it jongereinwurk en ek aardich beslein wat it organisearjen fan eveneminten oanbelanget. Jim sille dan ek merke dat jim jim op sa’n jûn gjin momint ferfele sille: it rint as it spoar.
Om krekt healwei sânen begjinne we mei waarm iten, wêr’t we elkoar kennen leare kinne: wêr komst wei en wat dochst yn it jongereinwurk? Nei in flotte iepening folget om sân oere twa kear in rûntsje mei ‘workshops’ of wurkwinkels mei in grutte kar om op ferhaal te kommen:
1) ‘Echt lústerje’, wêryn Miriam Bierhaus dy leart wat echt lústerjen mei dy docht. It is in ynteraktive wurkwinkel mei foarbylden út de praktyk en oefeningen.
2) ‘Yn petear by de wei fan spul (spel)’, wêryn Tim van der Woude dy leart hoe spultsjes bewust yn te setten mei in doel. Hoe je petearen begeliede en jo in feilige sfear kreëarje wêryn in elk de moed hat him út te sprekken. Tim wie der it foarige jier ek by en wit echt alles fan spultsjes en: in oanrieder!
3) ‘Foarlêze en fertelle’ wêryn Bea Hermans dy leart los te kommen fan it papier, de spanning op te bouwen, dyn stem en lichemstaal te gebrûken en noch in protte mear. In fergetten ambacht wurdt op’e nij ûntdutsen!
4) ‘Lân fan ferwûndering’, wêryn Liesbeth Winters dy leart om mei help fan ienfâldige attribúten in ferhaal ta libben te bringen, te bepraten mei bern en kreatyf te ferwurkjen. It is ynspirearje op de methodyken fan Godly Play (bekind fan it foarige jier) en Berneteology.
5) ‘It drege ferhaal’ is in moaie wurkwinkel oer gewoane minslike ferhalen dy’t betiden dochs dreech binne om te besprekken. Lit dy ferrasse hoe dat dochs kin.
6) ‘Bibelferhalen diele yn it jongereinwurk’, wêryn Sjoukje Bosgraaf dy sjen lit hoe bibelferhalen mear wurde kinne dan allinnich in moai ferhaal. En dat net allinnich foar bern, mar ek foar jongerein lykas teeners.
We binne wer te gast by Trinitas, Coehoorn van Scheltingawei 1, It Hearrenfean. Dat is op tsien minúten rinnen fan it stasjon. Wa mear witte wol of him opjaan wol, kin te plak by Dorette van Houten (d.vanhouten@planet.nl). Of sykje op de webside fan ‘Roetz Nederland’ en dêr by ‘Impactmakers’:
roetznederland.nl/evenement/impactmakers-2/
3 juny: ‘Tusken macht en gesach’
Noch gjin wike nei de ynspiraasjejûn foar it jeugdwurk binne wy wer te gast yn Trinitas, mar no in hiele dei om op de trage fragen fan de teology te kôgjen.
‘Macht en gesach’: It tema wurdt mei de dei aktueler. Mei de yndividualisearring, de opkomst fan it populisme, it ôfkealjend gesach fan tsjerke, wittenskip en sjoernalistyk en de hieltyd gruttere muoite dy't wy hawwe mei it ûnderskied tusken feit en fiksje, is it goed om de saken is rêstich op in rige te setten.
Sjoernalist en ethikus Dick Schinkelshoek hat him ferdjippe yn libben en wurk fan Alfred Dedo Müller, in teolooch út de jierren’30. Hy sil dêroer prate ûnder de titel:
‘Vroom en fout – Wat kan de kerk van vandaag leren van een theoloog die meebewoog met het nazisme’.
Dit soarte fan ferhalen wurdt yn dizze tiid hieltyd mear konfrontearjend foar ús. Oudtestamentikus Marjo Korpel nimt ús mei nei ‘Gezag en leiderschap’ yn de Bibel. Se docht dit oan de hân fan it byld fan de herder. Dat byld wurdt, just yn de tsjerke, in soad brûkt. Mar wat foar betsjutting hie it yn it âlde ‘Nabije’ Easten? Wat seit it oer mear algemien liederskip?
Kees van der Kooi nimt It systematysk teologyske diel úteinlik foar syn rekken mei in ynlieding oer ‘Macht en gezag’. Kees sil by de measten fan ús bekend wêze fan syn dikke ‘Van der Kooi & Van den Brink’, mar hy hat mear noaten op syn sang.
Wy nimme alle tiid foar it kôgjen op de trage fragen. Om tsien oere moarns is de ûntfangst en om healwei fiven middeis begjint de neisit mei in hapke en in drankje. Wa't him noch net oanmeld hat mar wol graach meidwaan wol kin fan my de link krije om him/har dochs noch oan te melden en mei te dwaan.
Brânstof fan it leauwe.
Sjoen nêst de benzineprizen dy’t yn dizze tiid hieltyd fierder opdreaun wurde, liket de oanbeane brânstof foar it leauwen mar spotgoedkeap: 15 euro foar in hiele sympoasium-dei, ynklusyf kofje en lunsj. Of is dy btânstof yn feite noch folle goedkeaper? Moat ik net sizze: dy brânstof wurdt ús fergees jûn. It thema fan it sympoasium dat hâlden wurde sil is yn elk gefal hoe’t wy fan it troch-de-wykse leauwe fan hout, stien en beamers komme kinne ta it fjoer dat yn ús baarnt, dat ús waarmet, ferljochtet en fernijt.
De protestantske gemeenten fan Appelskea, Donkerbroek en Easterwâlde binne al moannen lang oan de gong mei de tarieding fan dit sympoasium. Se hawwe it grut oanpakt en twa teologen fan formaat strikke kinnen. Stefan Paas hat in lange rige fan publikaasjes op syn namme. Op’t heden bin ik dwaande mei syn “Vrede op aarde” en it treft my hoe earlik oft er skriuwt oer syn eigen wei yn it leauwen. Dat belooft wat foar syn ynlieding op dizze dei. De twadde sprekker is René de Reuver. Hy hat njoggen jier lang as skriba fan de synoade it gesicht fan ús tsjerke west. Hy is in echte “ferbiner” mar hy hat him ek yntensyf dwaande hâlden mei de takomst fan ús tsjerke. Dat is net allinne in saak fan plannen meitsjen mar ek fan ôfwachtsjen. En dat docht wat mei ús.
Tegearre binne de beide sprekkers in moai gehiel en ûnderskreaune mei dêrby dan benammen besykje it petear mei de seal yn goede banen te lieden.
Ik sjoch der nei út. En foar alle d;udlikens: dizze byienkomst is echt foar elkenien, net allinne foar hiele en heale teologen!
Wy binne fan 9.30 oere ôf wolkom yn Het Anker, Jan Frankensingel 30 yn Easterwâlde. En it progmma duorret oant 15.00 oere.
Oanmelde kin op ‘e webside fan Oosterwolde:
www.pkn-oosterwolde.nl/symposium/
It ferhaal giet fierder
It moaie fan dit soarte byienkomsten is dat je thús echt wat te fertellen hawwe. It lestige petear “thús en ûnderweis, as je op bêd geane en as je fan it bêd ôf komme”, wurdt in stik makliker as der in kapstok is dêr’t je in ferhaal oan ophingje kinne. De trije útstapkes dy’t hjir boppe neamd binne, binne dêr tige geskikt foar.
Ynspirearjende Pinksterdagen!
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)