Minsken fan 'e wei, jiergong 2026, nûmer 2 (Fryske ferzje)


Mei joegen se har oerein
en gongen werom nei Jeruzalem.
Se troffen de alve en har meistanners byinoar’
(Lukas 24:33, NFO)

Mienskip
Fan it alderearste begjin ôf leauden de folgelingen fan de Hear net elk op himsels: se sochten de mienskip mei elkoar. Op Wite Tongersdei sieten de tolve noch ferbjustere om de tafel, doe’t de Hear harren de fuotten wosk en brea en wyn mei harren dielde. En letter binne it de Emmaüsgongers, dy’t sa gau as se yn de frjemdling de Hear werkenden, yn alle haast nei de oaren giene om mei harren te dielen wat se heard en sjoen hiene. Leauwe dogge jo mei elkoar.

Foar wa gearwurkje wolle
Hieltyd mear gemeenten wolle dat ‘mei elkoar’ ferbreedzje troch mei de buorren gear te wurkjen. Foar de iene gemeente makket de krimp dat needsakelik. In oare gemeente wol graach foar de regio as gehiel fan betsjutting wêze. En wer in oarenien hat ienfâldich wei it langstme nei in rommere kring. Mei mear minsken kinne jo mear mei elkoar diele. Nije gesichten bringe nije fiergesichten. En mear hannen meitsje it wurk lichter. Hieltyd mear gemeenten steane hjir posityf yn. Mar hoe begjinne jo hjirmei? Hoe fine jo geskikte maten? Wat byld ha jo fan gearwurking? En welke hobbels binne der te nimmen?
De ôfrûne jierren hat gemeenteadviseur Tineke Klei in protte gemeenten holpen om de ien as oare foarm fan gearwurking of mei elkoar oparbeidzjen te finen dy’t by harren past. Op tongersdei 23 april wol se dy ûnderfining mei ús diele en is der alle romte om in gearwurkingspartner te finen. Dêrom roppe wy alle gemeenteleden dy’t hjirfoar iepenstean op om der 23 april by te wêzen. De jûn hat plak yn De Oerdracht (E.A. Borgerstrjitte 46 op ’e Jouwer) en begjint om 19.30 oere. Der wurdt om 21.30 oere hinne ôfsletten mei in hapke en in drankje. Wol graach efkes oanmelde by ús skriba Hanneke Dijkstra: scriba@classisfryslân.nl.

Tegearre in nije Fiba sykje
Dat ús Fiba mei pensjoen giet, sil jimme miskien net it measte sizze. Mar as ik jimme fertel dat dit Andele Hellema is, dan sil by mannich tsjerkerintmaster in ljochtsje opgean: Andele is harren wichtige gids yn it oerwâld fan Fris, jierrekkens, mearjierrenbegruttings en noch folle mear dêr't ik ek net alles fan begryp. En no komt it probleem: wy hawwe noch gjin opfolger fine kinnen. De funksje fan Fiba is der ien wêr ast al dyn finansjele kennis yn kwyt kinst. Mar dat net allinnich: je wurkje gear yn in prachtich team: mei de frijwilligers fan it CCBB en faak ek mei de klassispredikant. Kinst tsjerkerieden en Kolleezjes fan Kerkrintmasters advisearje by lestige beslissingen. Kinst sparre mei oare Fiba’s yn it lân. En omdat it dyn baan is, kinst dy fulltime ynsette foar de tsjerke. De mooglike sollisitanten binne miskien noch gjin trouwe lêzers fan dizze nijsbrief. Dêrom myn fraach oan jim allegearre: sjoch ris om jimme hinne oft der ien is en lit dizze persoan dan dit stikje lêze. Mear ynformaasje kin hy of sy op de webside fan de PKN fine, ûnder fakatueres.


Nij Jierboek!
Om by elkoar te kommen moatte je elkoar wol fine kinne. Foar preekfoarsjenners en foargongers wie dat de ôfrûne jierren dreech: it lêste jierboek datearret fan 2020. Dêr hast no net folle mear oan. Dêrom hat ús skriba alle predikanten, emeriti en tsjerklik wurkers mei preekkonsint oanskreaun mei de fraach oft se harren namme fermelde mocht op in list foar alle preekfoarsjenners. Oant no ta hat twa/tredde hjir posityf op reagearre. Sa om en nabij 23 maart hinne is de list klear en kinne preekfoarsjenners dizze list opfreegje by de skriba. Dan hat elkenien yn de earste wike fan maaie alle nije gegevens by de hân om kontakt te lizzen.


Predikant – Pastor – Tsjerklik wurker
Earne ein maaie krije alle tsjerkerieden in grou stik amtlike taal oer tsjerkoarderferoarings yn harren mailboks. Aardich foar de leafhawwer, mar alle begryp foar wa't soks oan'e kant leit. Of net? Dizze kear yn alle gefallen net: it giet oer it feroarjend plak fan predikant en tsjerklik wurker, mei dêrby de nije funksje 'pastor'. Dat kin bêst grutte gefolgen hawwe, dus it is goed om mei-inoar te sjen oft it allegear goed regele is. Net fuortklikke of oan de kant lizze dus. Op 30 septimber organisearret de klassis in jûn dêr't projektlieder Arie van der Maas fan'e toarre regels in libben ferhaal meitsje sil. Ek de tsjerkoarder is fan ús mei elkoar.


Op ferhaal komme
In bysûnder momint fan gearkommen is it momint dat it stokje trochjûn wurdt oan de jonge generaasje, de generaasje nei ús. ‘Dy is der net’, hear ik ien tinken, mar dan sis ik: ‘Dy is der wol'. Dat der net folle jongeren yn de tsjerke komme en/of binne, betsjut net dat je harren dy't der wol binne oer de holle sjen moatte. Jeugdwurk bliuwt it hert fan it tsjerkewurk. Mei de jierlikse ynspiraasjejûn yn gearwurking mei Rootz hopet de klassis hjir oan by te dragen. Earder stjoerden we as datum 7 maaie 2026 rûn, mar in soad skoallen hawwe dan fakânsje. De jûn stiet no pland foar tongersdei 28 maaie . Wy begjinne om 18.30 oere mei in miel en dêrnei binne der twa wurkwinkelrondes. Oer it tema (‘Op ferhaal komme’) lêze jimme yn in folgjende nijsbrief mear.


Geastlik fersoargers
Hoe wichtich as de eigen leauwensmienskip ek is, wy meie net ferjitte dat wy ek krekt dêr bûten in ropping hawwe. Dus hawwe wy geastlik fersoargers dy’t mei in “zending” fan de tsjerke út oan it wurk binne yn de sûnenssoarch, by definsje, yn de finzenissen esfh. Gewoane predikanten, mar wol mei in bysûndere opdracht. Se binne foar ús as earen en eagen, en dêrom hâlde wy graach kontakt mei harren, straks wer op 20 maaie yn Stiens. As jimme noch geastlik fersoargers witte dy’t wy net útnûge ha, dan hearre wy dat graach fan jimme.

Harkrûnte
Yn it ramt fan “mei inoar” docht it my hiel goed dat ús synoade, nei alle opskuor oer nije regelingen, op har paad werom komt en no troch it hiele lân in harkrûnte en in tsjerkebreed petear begûn is Yn de harkrûnte giet it benammen oer de jildôfdrachten, in tema dat alderearst foar de tsjerkerintmasters fan belang wêze sil. Foar Fryslân is de gearkomste hjir foar op tiisdei-te-jûn 21 april yn de Kuriostsjerke, Julianalaan 38, Ljouwert. De harkrûnte wurdt organisearre yn’e mande mei de VKB, en dêr kinne jimme jim ek oanmelde.

Tsjerkebreed petear
It tsjerkebreed petear sil gean oer finânsjes en solidariteit, mei ûnder oaren ús nije synoade-skriba, Kees van Ekris. Utnûge binne net alline amtsdragers mar ek elk dy’t ynteressearre is as gemeentelid. Foar it hiele noarden is de byienkomst op sneon 9 maaie, fan 9.30 oant 14.30 oere yn de Oase, De Drift 46, Drachten. Jo kinne jo hjirfoar oanmelde op: “protestantsekerk.nl/evenementen/kerkbreed-gesprek”.

Stúdzjedei “Tusken macht en gesach”
Yn febrewaarje wie it te glêd, mar ús stúdzjedei foar predikanten, tsjerklik wurkers en oare teologysk ynteressearden kriget in nije kâns op woansdei 3 juny.
Sjoernalist en etikus Dick Schinkelshoek suil dan sprekke oer “From en fout – Wat kin de tsjerke hjoed leare fan in teolooch dy’t meibeweegde mei it nazisme”.
Aldtestamentikus Marjo Korpel nimt ús mei nei “Gesach en liederskip” yn de Bibel. En Systematysk teolooch Kees van der Kooi jout in ynlieding oer “Macht en gesach”. Wy nimme der rûm de tiid foar: om 10 oere moarns is de ûntfangst en om healwei fiven yn de middei is it oan de neisit ta mei in hapke en in drankje. Dy’t him of har noch net oanmeld hat kin fan my de link krije om dat noch te dwaan.

Mei groetnis,

dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)
 

terug
×