Bierproeverij vrijdag 27 februari j.l.
|
|

Samar op in freedtejûn komt der in groepke fan 18 minsken nei It Kompas om in oantal ferskillende bierkes te priuwen ûnder de saakkundige lieding fan Bieuwe van Houten.
Bieuwe freget earst of elkenien yn't koart wat sizze kin oer wat hy of sy wit fan bier en dan blykt al gau dat der in grut ferskaad oan dielnimmers is. De measten ha noch nea in bierpriuwerij meimakke, inkelden wol in wynpriuwerij.
Der binne wyn- en jenever leafhawwers by en fansels de mooi-waar drinkers (pils), mar ek wol guon dy't graach ris wat oars besykje.
En seker yn dizze tiid, wêr't hast alle wiken wol in nij streekbierke op de merke ferskynt, is der in soad kar.
Bieuwe set ús mei wat assistinsje fan Bennie it earste bierke foar de noas en jout goeie tips oer hoe't men soks oanpakke moat.
Allerearst de eagen brûke, is it bierke helder as troebel, blond as donker. Sit der in skûmkop op as hast net, en dan komt de noas oan bar. Wat kin min sa al rûke, sitrusfruchten, sjipsop as fanylje. Is it bitter as swiet.
En dan komt fansels de echte test, it priuwen en dan foaral efter op 'e tonge want der sitte benammen de bêste smaakpapillen foar bier.
Tagelyk lit Bieuwe ek in dia sjen, mei wat ynformaasje oer it bierke wat foar ús stiet, sa as merk, type, alcoholpercentage en noch folle mear.
Sa waard dit ritueel in oantal kearen werhelle mei wikseljende reaksjes.
Mar it gie allegearre as it slydjage en ek oer de opbou wie tige goed neitocht, want it alcoholpercentage rûn stadich wei op.
Nei al dit priuwen, it komt er dochs wol op oan, waard Bieuwe tank sein foar syn saakkundige útlis en koene we noch efkes neiprate mei in hapke en drankje.
Wat ús oanbelanget wie dit in tige slagge evenemint.
Lieuwe v.d. Bij
terug