Minsken fan 'e wei, jiergong 2025, nûmer 1 (Fryske ferzje)

Mei jins beiden is better as allinnich,
want tegearre hat men in goed lean foar it wurk.
As ien fan beiden falt,
dan kin de oare him oerein helpe.’
(Preker 4:9v, NFO)

In seal fol
De 23ste jannewaris kamen ôffurdigen fan mear as 120 fan ús 203 gemeentes op De Jouwer by elkoar. Wat kinne wy foar elkoar besjutte no’t we yn oantal al mar lytser wurde? Op dizze fraach sochten we in antwurd. In elk hat dêroer wat op papier set. It nimt efkes tiid om dat yn jo omgean te litten, dat sadwaande lêze jo in folgjende kear dêr mear oer. Dizze kear lizze wy jo in aardige puzzel foar mei trije tsjerkerieden dy’t har ôffreegje hoe it fierder moat.

Trije krimpende gemeentes
It probleem fan dit trijetal is makkelik steld: de gemeente wurdt lytser, de tsjerkegongers grizer, amtsdragers en frijwilligers hieltyd dreger te finen. Dat mei dúdlik wêze. De oplossing liket dan ek in ABC-tje: as it allinnich net mear slagget, dan dochst it mei elkoar. Sa stiet dat ek yn de tekst fan Preker hjirboppe. Mar sa ienfâldich is it net. Want al wurde se alle trije lytser, se dogge dat wol elk op eigen wize. Lit ik se foar it gemak X, Y en Z neame.

Gemeente X
It giet allegear noch best aardich, dêr yn X. De tsjerkerie hat te krijen mei wat lege plakken, dat is benammen omdat se foar harsels de latte net te leech lizze woene: foar elke wyk in âlderling en in diaken, twa jeugdâlderlingen en in kollege fan tsjerkerintmasters wêryn alle kennis en ferstân fan saken oanwêzich is, fan de administraasje oant en mei de bou. Der fâlt wolris in gatsje en ek de dielname oan de jeugdclubs en it jongereinkoar rint werom. Mar gjinien hearst dêr oer krimmenearjen: hja ha noch clubs en in koar! As buorgemeente Y oankloppet om gearwurking geane se dêr fansels graach op yn: elkoar stypje is in goede kristlike gedachte en miskien soarget it ek noch foar wat ekstra leden foar club en koar.

Gemeente Y
Yn Y kenne se it byld fan X wol werom: sa lei it der in jier of tsien lyn ek by harren hinne. Sûnt dy tiid is it eins wol hurd efterút gien. Doe’t ien fan de jeugdlieders der mei ophâlde, wie it gau dien mei it jongereinwurk. Blykber wie dy iene dochs de motor fan it hiele spul. Doe’t yn ien jier tiid trije plakken yn de tsjerkeried leech bleauwen doarst net ien der mear yn te stappen: wa wit wat der oan wurk dan op dy del komt mei al dy fakatueres. En sa gie de fut der wat út. Se sykje sadwaande om in goede partner om mei gear te wurkjen. Soe de neistlizzende gemeente dat faaks wat talykje?

Gemeente Z
De tsjerkeried fan Z hie soks al earder betocht. It falt dêr al jierren lang net ta om alle plakjes yn de tsjerkeried en foar it frijwilligerswurk ynfolle te krijen. Lokkich binne der altyd noch minsken dy ‘t nei wat oantrunen de ferantwurdlikheid wol fiele: skytskoarjend mar fol leafde pakke se harren taak foar de tsjerke dan dochs op. Mar it falt harren net ta: jo hawwe der gjin aan fan wat der op jo del komt, fan húsbesite en konsistoarje gebed oant en mei VOG en FRIS. By de gearkomsten wurdt der gauris op omeamele: wêrom moat it allegearre sa swier en sa dreech. Se hawwe no wat kontakt socht mei de neistlizzende gemeente X. Dan krije jo noch mear gearkomsten mar jo hearre ek deselde lûden en jo krije nije enerzjy. No wol de tsjerkeried fan Y ek noch meidwaan: dan noch mar wer in jûne derby om der op om te redendielen.

Foar Z kin it al net mear
Ik snap it wol dat de tsjerkeried fan Z eintsjebeslút neat te krijen hawwe wol mei dy fan Y. Se hawwe echt de ein yn de bek. Ut plichtsbesef hawwe se noch wol de taak fan harren foargongers oernaam. Somtiden sjogge se noch efkes werom: hoe dienen se dat doe ek mar wer? De skrik slacht harren om it hert as der al wer wat nijs by komt. Se sykje rêst: dat ferwachtest ommers yn tsjerke. Se leauwe yn de Heare en binne begien mei de neiste, mar saken lyk as organisearje en bestjoere hawwe se it mier oan.

Foar X hoecht it noch net
De tsjerkerie fan X kinst it net kwea ôf nimme dat se net hastich binne. It rint allegear noch kreas yn de gemeente en dat wolle se graach sa hâlde. Fansels is it aardich om in kear mei Z om ‘e tafel te gean. En ek mei de minsken fan Y kinne se it goed fine. Mar harren eigen gemeente moat er gjin skea fan ha. It giet wol hieltyd wat minder maklik, se moatte echt alles ynsette om de boel draaiende te hâlden. Eins wolle se ek noch wol wer in musical dwaan mei-inoar. As Y en Z dêr no ek oan meidwaan wolle, dan slagget dat fêst. De gearwurking is foar harren foaral in kâns om genôch minsken byinoar te krijen foar harren eigen programma en dat kin dochs nimmen gemeente X kwea ôf nimme?

Foar Y moat it wol …
De tsjerkerie fan Y sit wol wat oars yn ‘e wedstriid. Se wolle graach dat der yn harren doarp in libbene gemeente bliuwt, mei dochs wol gauris in tsjerketsjinst, in foarm fan pastoraat en as it heal kin ek wat foar de jeugd. As se foar alles nei X moatte, dan giet de ûnderlinge bân, dy't se yn jierren opboud hawwe, gau ferlern. En dan is der ek noch it moaie kontakt mei de skoalle. As hja mei X no ris allinnich bestjoerlik gearwurkje koene, dan bliuwt it fierder moai sa't it wie.

Wa skriuwt der in ABC foar X, Y en Z?
Moat Y mar ôfsjen (Afzien) fan de plannen en... no ja, dan wit ik it fierder ek net? Moat X de lêst fan Y en Z mar op'e skouders nimme mei, yn it slimste gefal, in Burn-out ta gefolch? Moat Z mar trochgean oant de lêste it ljocht útdocht, wêrnei't de Classis de boel opromje kin?
Wy hawwe dan wol in ABC fan Afzien, Burn-out en Classis, mar dêr rêde wy it net mei fansels.

Sels meitinke?
Sa’t hjir boppe al neamd is: yn it folgjende nûmer kinne jimme in ympresje lêze fan de reaksjes op de fragen fan 23 jannewaris. Wat foar rol soe in gemeente as X spylje moatte foar in gemeente as Z? Binne se foar inoar ferantwurdlik? En hoe moatte se dêrby dan rekken hâlde mei in gemeente as Y? En wat soe de rol fan de klassis wêze kinne? As jo de skriba in mailtsje stjoere krije jo noch in eksimplaar fan de list, om sels reagearje te kinnen of om der yn jo tsjerkeried ris oer te praten.

Fisitaasje
Hiel wat oars: op 1 maart draacht ds. Idske van der Pol it foarsitterskip fan it Kolleezje fan Fisitatoaren oer oan ds. Alco Meesters. Hy is dêrfoar troch de klassis beroppen as predikant yn algemiene tsjinst en sil meidertiid as sadanich oan de klassis ferbûn wurde. Ds. Van der Pol nimt ôfskied fan ús yn in fesper foar de klassis op 22 maaie. Dizze fiering begjint om 19.15 oere yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer en elk is dêrby fan herte wolkom.

Hoe komt men earmoede op it spoar?
Kerk in Actie organisearret mei de klassis op fjouwer ferskillende plakken in themabyienkomst oer “earmoede”: 10 maart (19.30) op it Hearrenfean (Trinitas), 17 maart (13.30) yn Stiens (De Hege Stins), 24 maart (19.30) yn Snits (Martinitsjerke) en 31 maart (13.30) yn Surhústerfean (Lantearne). De byienkomsten binne bedoeld foar diakenen en oaren dy’t yn it ûnderwerp ynteressearre binne. Mear ynformaasje is te krijen by j.boonstra@protestantsekerk.nl en imme kinne jimme dêr ek oanmelde.

Jongerein en Tsjerke
Op 8 maaie wurdt troch de klassikale wurkgroep Jeugd en Kerk (Jongerein en Tsjerke) op it Hearrenfean in workshopjûn oranisearre foar jongereinlieding. Oan thema en ynfolling wurdt noch wurke, mar de datum kinne jimme alfêst yn it bûsboekje sette!

Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
 
terug