Minsken fan 'e wei, jiergong 2024, nûmer 7 (Fryske ferzje)
‘Hoe sille se Him oanroppe,
as se net yn Him leaud hawwe? Hoe yn Him leauwe,
as se net nei Him heard hawwe? Hoe nei Him hearre,
as net ien ferkundiget?’
(Romeinen 10:14, NFO)
Sucht
Preekfoarsjenners sille net gau dizze tekst resitearje wannear't de safolste predikant 'fol' sein hat, mar op in rêstich momint sille se Paulus syn wurd wol meistimme. De Protestantse tradysje achtet it fan grut belang, dat it Wurd foar de gemeente troch in preker yn eigen minsklike wurden út 'e doeken dien wurdt. Mar hoe moat dat as de tsjerke mei har foargongers lytser wurdt en it oantal kânsels net lykop giet?
Op nei de klassis!
Sa'n 50 preekfoarsjenners teagen op 19 novimber mei dy fraach op nei de klassikale gearkomste yn Burgum. It fielde goed, dat se mei har iensume taak no ris yn 'e mearderheid wiene. En fansels kamen njonken de problemen ek in oantal moaie oplossings op it aljemint.
Earst in bakje kofje
De earste tip is in juwiel fan ienfâld: lit de tsjinst om 11.00 begjinne. Der is yn 'e omjouwing altyd wol in predikant dy't syn preek graach nochris hâldt. As gemeente kin men dan earst meiinoar in bakje kofje drinke. Gemeenten dy't der ûnderfining mei hawwe wolle no net oars mear: de tsjinst set útein út de ûnderlinge moeting wei en dat set de toan foar wat folget. Men moat dan wol witte, wa't der yn 'e omjouwing op it roaster stiet, mar preekfoarsjenners kinne dat grif wol meiinoar útwikselje. En in tsjinst op sneintemiddei of – jûn kin ek.
Unferwachte talinten
De twade tip set dy oan it sykjen nei it goud datst sûnder it te witten al yn ’e hûs hast: freegje de liturgygroep om meiïnoar in koarte fiering yninoar te setten. Foar de preek yn it plak sikest dan in moai gedicht út. De dûmny soe dêr op in dei yn ‘e wike wol by helpe kinne. Tarissing troch de klassis is ek op it aljemint brocht. En miskyn kinst in dûmny fan in oar plak freegje oftst syn preek by jim foarlêze meist.
Doch it meiïnoar
Guon preekfoarsjenners dogge it tegearre, mei as foardiel datst oerlizze kinst en inoar ferfange kinst. Dat kin yn dyn eigen gemeente, mar soest it ek dwaan kinne mei in kollega út in gemeente tichteby. Dan sit der aardich faasje yn.
Persoanlik kontakt
Betûfte preekfoarsjenners witte it wol: mei in persoanlike oanpak sil in foargonger minder gau nee sizze. Soks hoecht net perfoarst oer de tillefoan: ek in mailtsje kin persoanlik fan ynhâld wêze. En yn in beskate ring komme foargongers en preekfoarsjenners ien kear yn ’t jier byinoar om it grutste part fan de gatsjes op te foljen. Ek mienskiplike tsjinsten kinne dan opnaam wurde.
As wy it oer kontakten hawwe: preekfoarsjenners wurdearje it tige as foargongers flot (en fatsoenlik) reagearje op de mails.
Goede buorlju
It is in moai ferhaal: in preekfoarsjenner moast hookstrooks in ferfanger sykje, mar it woe mar net slagje… De neistlizzende gemeente sei doe: ‘kom mar by ús!’ De hiele gemeente sette doe ôf, autoriders stapten byinoar yn en fytsers en kuierders makken der in moai tochtsje fan. ‘Dit kin wol wer ris’, koe men neidetiid wol hearre. Tenei die de preekfoarsjenner wat minder goed syn bêst en nei wat kearen waard de mienskiplike tsjerkegong al yn it preekroaster opnaam. Sa kin it tekoart oan foargongers al ta wat moais liede.
Regiosnein
As der mar ien tsjinst is mei ferskate gemeenten, dan kinne je der ek wol wat oars oan fêstknoopje: in dield miel; in Grien Tsjerke-projekt of in trainingsmomint. Mei mear minsken byinoar is it de muoite wurdich om soks te organisearjen.
It jierboekje!
Eartiids wie net alles better, mar ien ding wol: it jierboekje! Dêr koene je alles fine wêr’t no alle websiden fan 'e ferskate tsjerken foar besocht en besjoen wurde moatte. Je hiene nammen en adressen fan predikanten, skriba’s, tsjerkegebouwen en preekfoarsjenners. Je hiene sels de bertedatum fan de predikanten en harren hiele karriêre opnommen. Preekfoarsjenners seagen út nei de nije edysje, want dan wie elts wer hielendal op 'e hichte. Ek in nij emeritaat dat ûngemurken fêstige wie yn in buordoarp waard dudlik. Mar no: der is in AVG en neffens dy wet soe elkenien skriftlike tastimming jaan moatte foar it opnimmen yn sa'n boek, en dat krijt de lanlike tsjerke net foar elkoar. Kinne wy dat, as klassis, miskien dwaan? It is in soad wurk, mar as wy hjir in frijwilliger foar fine. kinne, soe dat in protte preekfoarsjenners goed helpe.
Preekbeurtfiner
In alternatyf foar it jierboek is de Preekbeurtfiner op de webside fan de lanlike tsjerke. Kinst it maklik fine: protestantsekerk.nl/preekbeurtenzoeker
Hjir kinne predikanten oanjaan wannear't se beskikber binne, en bygelyks hoe fier se reizgje wolle foar in preek. Preekfoarsjenners kinne sa yn ien eachopslach sjen wa't op in bepaalde snein noch frij is, of wa't middeis of jûns noch beskikber binne. Spitigernôch is de opsje 11 oere noch net opnaam by de mooglikheden. Je kinne maklik reagearje fia de webside en, as it kin, in ôfspraak meitsje. It ienige probleem? Der steane op dit stuit mar in pear Fryske predikanten op. Dêrom in útdruklik fersyk oan alle predikanten (en benammen oan emeriti- en preekkonsulint hâders): Hjoed noch gau de gegevens ynfolle op de preekbeurtfiner!
Neist de Preekbeurtfiner is der ek de Beskikberenskalinder fan de Konfessionele Beweging: www.beschikbaarheidskalender.nl
Predikanten!
Mear predikanten en mear minsken mei preekkonsint tsjoene wy net samar út de hege hoed. Mar wy kinne elkoar wol wat oanfiterje: soe in stúdzje theology net wat foar dy wêze? En foar dy’t al preekkonsint hat: kinst miskien in kear faker?
In wykein der út?
Wy gunne fansels elke dûmny in frij wykein. Ik wol ek net alle sneinen yn’t foar al ynfuld hawwe. Mar dat betsjut net dat je net helpe wolle wannear’t in gemeente ynienen ferfanging sykje moat. Ek om oan sokke omstannichheden temjitte te kommen, is de “preekbeurtenzoeker” ideaal: hâld in snein earst frij en set him dan (ast gjin oare plannen hast) twa wiken fan tefoaren op “preekbeutenzoeker” iepen foar needgefallen. Frijheid en tsjinstberheid komme dan beide oan har gerak.
Mienskiplike start
Mannich preekfoarsjenner rint der tsjin oan: je belje oeral hinne, mar in oar wie der al wer wiken earder by. Dus takomme jier mar wat earder begjinne... en it jier dêrnei noch wat earder... Guon skilje yntusken al yn desimber foar it roaster dat pas in jier letter begjint. Dêr wurdt fansels net ien better fan. Guon predikanten witte dat se pas yn april of maaie har preekroaster hawwe, mar de preekfoarsjenners witte dat fansels net. Dêrom liket it de measten in goed idee om allegearre tagelyk te begjinnen. Mar op hokker datum dan? Elke datum hat fansels foar- en neidielen. Om dochs ien datum te kiezen sizze de measten: dan mar 1 maaie! En om it foar fakante gemeentes wat makliker te meitsjen is dan de earste wike fan maaie allinne foar har. Heal-fakante gemeentes begjinne healweis dy earste wike. En dêrnei kan elkenien beginne mei skiljen. Mar it is fansels dúdlik dat dit allinne goed gean kin as elk him oan de regels hâldt, de preekfoarsjenners, mar ek de tsjerklik wurkers mei preekkonsint, de predikanten en de emeriti!
Beslút
It hat ús goed foldien om spesifyk ien groep te freegjen om mei te praten op de klassikale byienkomst. Dat sille wy faker sa dwaan!
Mei groetnis,
dû. Riemer Praamsma, classispredikant
(06-58013225 | r.praamsma@protestantsekerk.nl)

terug